NK famkes te Hank-Dussen

Dit jier it NK Famkes yn Dussen, organisearre troch de jubilearjende keatsferiening HDKC (Hank Dussen Kaats Club). Ik gong d’r fanút dat Hank Dussen it plak wie wer keatst wurde soe. Mar Hank is in plak en Dussen leit 5 km fierderop en telt +/- 2500 ynwenners. In NK yn Noard Brabân. Pas no wurdt my dúdlik werom at it gjin bûnspartij mear is, de KNKB giet it lân ien nei in bûten ôfdieling. HDKC telt 19 leden. Dussen, wert yn 1930 Anton Verhoeven berne waard, in legendaryske alve stêdentocht rider.

Freed 12 juny 9.10 oere op ’e trein yn Mantgum nei Zaltbommel. Fansels giet de fyts mei. Fietse lâns de Waal en op nei Made, myn oernachtingsplak. Underweis kom ik lâns kastiel Loevenstein en no at ik hjir dochs bin, hjir in bakje kofje dronken en efkes rûnsjoen. Wer fierder op de fyts, oersette litte troch it fear en op nei Made. As ik by Hank bin sjoch ik in boerecamping. Theo en Antsje sitte de hiele wike al yn Brabân, hja binne ek fan doel it NK Famkes by te wenjen. Efkes sjen at hja op dizze camping delstrutsen binne. Blaffende hûnen komme my temjitte, doe koe ik wol wer omkeare, Theo hat in hekel oan hûnen, dus hy sit hjir net. Om 19.00 oere bin ik yn Made, by myn hotel. Myn spullen nei de keamer brocht en dan earst in miel waarm iten. Dernei wer op de fyts om it bertedoarp fan Gianni Romme te ferkennen. Om 21.30 oere bin ik werom en jou my del op myn hierde keamer. As ik om 22.00 oere, myn meibrocht, fleske wyn ûntkurkje sil, wurdt d’r op de doar kloppe. ”Even geduld, ik kom er aan” wie myn reaksje. Ik hie gjin ”date” en tink wa kin dat no wêze. Doch de doar iepen en dêr stiet Joke Koldyk. Joke hie heard dat ik yn Made oernachtsje soe en nei ynformearre te hawwen, krige hja myn keamernûmer fan de hotellieding. ”Komst Geart, dan drinke we efkes in bierke”. Joke wie mei dochter Jennie en Bregt Arendz yn itselde hotel delstrutsen. Jennie, Bregt en Amarins de Groot sille moarn K.F. Jacob Klaver fertsjintwurdigje tidens it NK Famkes yn Dussen De oare moarns om 10.00 oere 15 km fytse fan Made nei Dussen. Ik wie net al te betiid en hastich want it wie mizerich waar. Doe’t ik om 11.00 oere bij it sportfjild oankaam hie Mantgum al keatst. Hja wiene goed begûn en hiene mei 5-1 6-4 wûn fan Minnertsgea. It reinde net mear en it waard prachtich waar. Yn ’e middei wie it yn Mantgum sa’n 10 graden kâlder as yn Dussen. It wie dus goed toeven yn Brabân! Yn de twadde omloap wie Ried de tsjinstanner. It begjin wie wat stroef, Mantgum kaam mei 1-3 en 4-6 achter. Op dizze stân kaam de ommekear. Jennie sloeg de bal oer alles hinne en op 6-6 pakten hja it earst. It begûn te rinnen, Ried krige gjin buordsje mear. Suksescoach Albert Reitsema hie it partoer wer op de rit! Bregt, Amarins en Jennie koene harren no tariede op de tredde omloop. In wichtige omloop want by winst, wie d’r in steand nûmer en de beleaning in finale plakje. Mantgum gong tsjin Hallum mei faasje útein. D’r waard goed keatst en yn in omsjoch stie Mantgum mei skjinne fiif earsten foar. Mar doe begûn it keatsmoterke wat te haperjen. D’r waard wat minder mei it kopke keatst en sa behelle Hallum samar in spul. Mar fierder lieten de Mantgumer froulju it net komme en waard wûn mei 5-2 en 6-6. No de finale! Mantgum wie goed lotte dizze dei, mar dat seit fansels lang net alles. Oare kânshawwers wiene Goaiingea, Wommels, Grou, Ie en Wytmarsum, hja moasten ûnderling útmeitsje wa de tsjinstanner yn de finale wêze soe. Wommels wûn yn de twadde omloop fan Ie. Wytmarsum hie yn de 2e en 3e omloop ôfrekkene mei Grou en Wommels. Goaiingea wûn yn de tredde omloop yn in spannende partij fan Stiens. Yn de heale finale de partij tusken Wytmarsum en Goaiingea. Wytmarsum wie wat útkeatst en ferlear mei 5-1 6-2. Neidat de finalisten harren opsteld hiene foar de finale duorre it noch frij lang foardat begûn wurde koe. Mei de nedige taspraken waard it jubileum boek presentearre, ek de wethâlder kaam noch oan it wurd. Dan einliks de finale…………… It earste buordsje wie, troch goed werom slaan fan Bregt, foar Mantgum. Letter die bliken dat it by dit buordsje bliuwe soe. Mantgum kaam nea yn de wedstriid, d’r waarden tefolle fouten makke, mar leafst 17 bûtenslagen. Dit tsjinoer in deeglik keatsend partoer mei mar ien opslachflater. En dochs waard it noch gauris 6-6 of 6-4. Op de stân 5-1 en 6-4 moast Mantgum beliez jaan en wie it twatal Andrea Kroes en Sanne Hijlkema fan Goaiingea de terjochte winners. Wytmarsum mei Sjoukje Stuiver, Selma van der Molen en Anneke Smid waarden tredde. Mantgum mei takom jier mei dit partoer nochris yn dizze klasse meidwaan. Ferline jier waard de tredde priis behelle, dit jier de twadde, takom jier …………

Geplaatst op 17 June 2015